Nederlandse versie
Aktueel waar: Temp: 7.7 °C | Daupunt: 6.8 °C | Barometer: 1003.0 hpa | Wyn: SW Krêft 4 | Delslach: 1.2 mm | Sinnekrêft: 0.0 | Kâns op delslach: 95 % | Boarne: WSD

Ynspeksjes

Wy fersoargje ferskate ynspeksjes foar it behear fan gebouwen (neffens NEN 2767) en dogge in soad ûndersyk op it gebiet fan it achterheljen fan skimmel- en fochtklachten. Mei ús kunde, ûnderfining en ynset fan termografy en oare foarútstribjende mjitapparatuer kin yn in soad gefallen sûnder hak- of brekwurk de oarsaak achterhelle wurde. Foar ynspeksjes op plakken dy’t dreech te berikken binne (bygelyks op grutte hichte) kinne wy yn in soad gefallen in drone ynsette om fisuele ynspeksjes út te fieren.

Undersyk nei de ûnderhâldssteat fan gebouwen

In probleem dat him by it (finansjeel) plannen fan ûnderhâld wol gauris foardocht is dat it net dúdlik is wat de steat fan it gebou is. Op dy wize is it suver ûndwaanlik om in begrutting mei in solide ûnderbouwing te meitsjen. Mei in gebouynspeksje (NEN 2767) kin in goed byld fan de hjoeddeiske ûnderhâldssteat foarme wurde. Binne jo in fêstgoedbehearder of ferantwurdlik foar it opstellen fan de begrutting, sykje dan frijbliuwend ris kontakt mei ús.

Fersekeringen & skea

Wol jo fersekering earst mear wissichheid of dúdlikheid oer jo skeamelding ha, of wolle jo sels in lekkaazje opspoare sûnder ûnnedige kosten te meitsjen? Sykje dan kontakt mei ús. Wy steane foar jo klear!

Wat hâldt in ynspeksje (NEN 2767) yn?

In ynspeksje giet meastentiids om de bûtenkant fan in gebou, mar de binnenkant kin ek diel fan in ynspeksje útmeitsje. Wy kinne dêrby oan ûnder oare de folgjende aspekten omtinken jaan:

• Kezinen / houtrot / ferbiningen
• Goaten / lekkaazjes / omfang
• Foegen / bining / PH-wearde
• Beglêzing / kitfoegen
• Dakken / lekkaazjes / dakhout
• Muorren / skuorren / focht
• Skilderwurk / hechting
• Skoarstiennen / foegen / lead
• Fentilaasje / focht / luchtkwaliteit
• Skimmel / fochtproblemen
• Isolaasje / kondins / flaters
• Spouwen & holle romten / problemen
• Himmelje / griene oanslach

In ynspeksje hân, wat no?

Nei in ynspeksje is der faak ferlet fan in plan fan oanpak. Dat kin fansels ek in part fan de ynspeksje sels wêze. Yn it plan fan oanpak wurdt foar alle ûnderdielen beskreaun op hokker wize de problemen oanpakt wurde kinne. As jo dat wolle, kin ôfstimming oer de ynhâld fan it plan fan oanpak syn beslach krije, bygelyks wannear’t hokker ûnderhâld it bêste útfierd wurde kin en yn hokker tiidsbestek.

Wat kostet it?

In ynspeksje kostet sa’n € 105,- de oere (ynklusyf btw). De kosten fan de mjitapparatuer en it opstellen fan in rapport sitte dêrby yn, fansels hinget it der foar in diel ek fan ôf wat jo winsken binne. As jo nei de ynspeksje beslute om ús as oannimmer foar de út te fieren wurksumheden yn te skeakeljen, betelje jo mar de helte fan de ynspeksjekosten. De iennichste betingst is dat de kosten fan de wurksumheden op syn minst fjouwer kear dy fan de ynspeksje binne.

Termografy & Ultrafioletfluoressinsje

Guon problemen wurde sûnder hak- of brekwurk net sichtber. Yn datsoarte gefallen kin termografy en/of ultrafioletfluoressinsje in útkomst wêze. Dêrmei kinne wy ûnder oare lekkaazjes opspoare, isolaasjeproblemen ynsichtlik meitsje, net-destruktive ynspeksjes oan flierferwaarming ferrjochtsje en fochtproblemen opspoare.

Luchtkwaliteit (CO² + fynstof PM 2.5 en PM 10)

It is tige wichtich om te fentilearjen, in soad (sûnens)klachten binne op dy wize foar te kommen. Mar hoe kinne jo witte hoe’t de kwaliteit fan de lucht derhinne leit? Mei ús mjitapparatuer kinne wy de wichtichste yndikatoaren foar ûntarikkende fentilaasje goed ynsichtlik meitsje. Sille jo isolearje, tink dan ek oan it fentilearjen. Mjitte is witte!

Skimmel & Swam

In fraach dy’t wy faak krije is: “Hoe kin it dat skimmel krekt op dy plakken sit?”. Mei in ynspeksje kinne wy jo sjen litte wat de oarsaak is en hokker mooglikheden der binne om skimmelgroei yn de takomst foar te kommen. Wy jouwe ek advys oer hoe’t jo de skimmel feilich en effektyf fuorthelje kinne.

Wat dogge wy net?

Wy jouwe allinne advys, wy losse foar jo gjin konflikten mei tredden op.

ynspeksjes

termografy

De kelderswam yn folle gloarje.

Swamspoaren

Swam yn balken

| Pageviews: hjoed 13 | 317793 sûnt 2015 | Unike besikers: 42865 |
Onderhoud-nl
Copyright © De Zwart Skildersbedriuw
1911 - 2024
af-logo