Nederlandse versie
Aktueel waar: Temp: 3.6 °C | Daupunt: 1.8 °C | Barometer: 1032.5 hpa | Wyn: NE Krêft 0 | Delslach: 0.0 mm | Sinnekrêft: 0.0 | Kâns op delslach: 5 % | Boarne: WSD

Wolkom by De Zwart Skildersbedriuw

 [Sjoch by “winkel” foar ús iepeningstiden

Desimber 2024: Wolle jo skilderwurk of oar ûnderhâld útfiere litte? Freegje dan hjir folslein frijbliuwend in offerte oan.

Of binne jo dy doch-it-selsman dy’t de put graach profesjoneel oanpakke wol? Dan kinne jo ek by ús terjochte! Kom del yn ús fervewinkel foar profesjonele tips, advizen en produkten.

Nij! Kleuren ynmjitte of scanne, fuortendaliks by ús yn ‘e winkel.

Fan no ôf oan ha wy wer folop foarried fan ferskate túnbeitsen foar ûnder oare túnmeubels en sketten dy’t foar jo op kleur makke wurde kinne!

By ús te krijen: ClimateCoating (muorre)ferven (earder Thermoshield) mei keramysk filter. Dy ferven ferbetterje it komfort en ferleegje de stookkosten mei sa’n 10%.

Foar (oankommende) eigeners fan gebouwen kinne wy in kondysjemjitting (NEN 2767) útfiere. Dêrmei bringe jo de steat fan in bouwurk yn kaart. Datsoarte fan ynspeksjes binne bedoeld foar de folsleine bûtenkant ynklusyf it houtwurk, foegen, dakbedekkingen, goaten en reinwetterôffier.

Ha jo nei in ynspeksje ferlet fan it opstellen fan in ûnderhâldsplan dêr’t alle aspekten fan ûnderhâld yn oan bod komme? Dêr kinne wy jo ek by helpe. As oannimmer wurkje wy gear mei fêste partners, mei-inoar stribje wy nei in duorsum einresultaat. In kombinearre planning is dêrby ien fan de foardielen dy’t wy biede kinne, lykas in fêst oansprekpunt.

enerzjylabel

It is tige wichtich om ferstannich mei enerzjy om te gean. Fergriemerij kin foar in grut part tefoar kommen wurde troch jo hûs op ‘e goede wize te isolearjen. Wy wurkje gear mei in tige betûft EPA-adviseur dy’t dat neffens de spulregels fan de oerheid by jo wente of gebou yn kaart bringe kin.

Foar’t jo isolearje sille is it goed om te sjen yn hokker stappen en folchoarder dat it bêste kin, om’t der oars mooglik kondinsproblemen ûnstean kinne. Der binne in soad mooglikheden om te isolearjen, wy ha sels al ferve te keap mei in flinke isolearjende wurking. Mei HR++ glês mei in U-wearde fan 1.0 falt meastentiidsal in behoarlike winst te beheljen.

Neist isolearje is it krekt like wichtich om tûk te fentilearjen! Mei fentilaasjeroasters boppe it glês is it mooglik om jo hûs fan frisse lucht te foarsjen, ek as jo fuort binne! Wolle jo mear isolearje as allinne glês? Wy wurkje dêrfoar gear mei de FBF Groep Geveltechniek BV fan De Jouwer. Sy fersoargje ûnder oare spoumuorre-isolaasje en krûpromte-isolaasje, sa kinne jo jo folsleine hûs optimaal isolearje.

VCA* logo

Facebook logo

Skilderwurk doarren

Aqua Heechglâns ôfwurking

Glêswurk Kampus Damwâld
| Pageviews: hjoed 12 | 317388 sûnt 2015 | Unike besikers: 42765 |
Onderhoud-nl
Copyright © De Zwart Skildersbedriuw
1911 - 2024
af-logo