Nederlandse versie
Aktueel waar: Temp: 6.4 °C | Daupunt: 5.2 °C | Barometer: 1022.2 hpa | Wyn: SW Krêft 3 | Delslach: 0.0 mm | Sinnekrêft: 0.0 | Kâns op delslach: 5 % | Boarne: WSD

Skilderwurk

Dit is in wichtich (en boppedat it âldste) ûnderdiel fan ús bedriuw. It skilderjen is in ambachtsberop dêr’t in soad training en kunde fan it materiaal foar nedich is om echte kwaliteit leverje te kinnen. Us skilders binne goed oplaat en der is mar kwealik ferrin ûnder it personiel. Feilich wurkje kinne is ús útgongspunt, ús bedriuw is dêrom ek VCA-sertifisearre.

De foardielen fan fervje

Sûnder te fervjen soene in soad materialen aardich koarter meigean. Ferve soarget soarget dus foar in ferlinging fan de libbensdoer en komt dêrtroch fergriemerij tefoar! Tsjintwurdich wurdt it skilderwurk dochs faak as in soarte fan kostepost sjoen, ûnderhâldsearm is dêrom by nijbou in logyske kar. Mar dat betsjut fansels net dat ûnderhâldsearm ek hielendal ûnderhâldsfrij is! Dat is faak ek de reden dat ûnderhâldsearm materiaal úteinlik dochs ûnderhâld nedich hat, bygelyks wannear’t it troch ferâldering ferkleuret. Troch te fervjen kin de libbensdoer dan maklik wer ferlinge wurde.

By tradisjonele bousituaasjes leit dat fansels oars. Yntusken stiet de ûntwikkeling fan ferve ek net stil, by de goede tappasing en ûndergrûn binne ûnderhâldsynterfallen fan tsien jier of langer wis mooglik! Neist beskerming jout ferve fansels ek de mooglikheid om de kleuren oan jo winsken oan te passen.

Sels fervje of it dwaan litte

Gjin nocht om wer op ‘e ljedder te stean en in grut part fan jo fakânsje oan it ûnderhâld fan jo hûs te besteegjen? Tink der dan ris oer nei om it profesjoneel útfiere te litten troch in skildersbedriuw mei ûnderfining. In oare mooglikheid is dat wy jo foar in lytse fergoeding op lokaasje begeliede. Twivelje jo oer nut en needsaak, oer it wol of net fervjen? Mei in frijbliuwende skilderwurktest kinne wy jo wissichheid biede.

Tsien jier skilderfrij?

Dat is de nije trend yn skilderlân, sterker noch: mei Wijzonol LBH SDT Ultra Heechglânslak kin ûnder optimale omstannichheden sels tolve jier helle wurde! “Kin dat by ús hûs ek?”, is dêrom in in logyske fraach. “Wat de ferve oanbelanget kin it”, is ús antwurd op dêrop. Mei in ynspeksje op it plak sels kin fêststeld wurde oft dat yn jo situaasje technysk besjoen ek mooglik is.

Ferwachting fan ‘e libbensdoer

De kleur dy’t jo kieze kin ek fan ynfloed op de libbensdoer wêze. Wy ha dêrfoar de beskikking oer in libbensdoerferwachtingssysteem fan Wijzonol. Mei dat systeem wurdt dúdlik hoelang’t jo fan in beskaat produkt en kleur ferwachtsje meie dat it meigean sil.

Hokker ferve is it bêste?

Dy fraach wurdt ek in soad steld, der binne meardere antwurden mooglik. Alle soarten ûndergrûn ha beskate unike eigenskippen, de ferve dy’t dêrop oanbrocht wurdt likegoed. It is wichtich dat de ferve by de eigenskippen fan de oanbelangjende ûndergrûn past. Troch ús jierrenlange ûnderfining mei ferskate produkten kinne wy jo fan in goed ûnderboud ûnderhâldsplan foarsjen.

Wat kostet in skilder?

In bettere fraach soe wêze: “Wat kin de skilder dy’t ik foar myn opdracht ynskeakelje wol no eins?”. Tariven sizze neat oer de kwaliteit dy’t bean wurdt. In betûft en goed oplate skilder kin troch syn spesjalisme, belied en fakmanskip in soad teloarstellingen tefoar komme. Wurk dat rap en korrekt útfierd is, kin dêrom finansjeel en kwalitatyf aardich geunstiger en duorsumer útpakke as tsjinsten dy’t op it earste gesicht goedkeaper lykje. Op oanfraach kinne jo ús tariven ûntfange.

Beskikbere tsjinsten

• Skilderwurk bûten
• Skilderwurk binnen
• Underhâldskontrakten
• Behangwurk
• Glêsfezel oanbringe
• Houtrotreparaasjes
• Restauraasjewurk
• Spuitsje (op lokaasje)
• Houtwjirmbestriding
• Skimmelbestriding
• Swambestriding
• Stoomhimmelje
• Ympregnearje

Offerte oanfreegje?

Direkt maile

Telefoan: 0511-421580


Skilderwurk binnen


Skilderwurk


Heechglânsôfwurking op sinneblinen fan in âlde pleats

Heechglâns ferve


Plafond
| Pageviews: hjoed 24 | 318188 sûnt 2015 | Unike besikers: 42945 |
Onderhoud-nl
Copyright © De Zwart Skildersbedriuw
1911 - 2024
af-logo