Privacy
Wy fine it tige wichtich om jo privacy te beweitsjen en de bepalingen dy’t yn de Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG/GDPR) steane nei te libjen.
Dêrûnder falt it soarchfâldich omgean mei jo (persoans)gegevens wannear’t jo dy op de ien as oare manier oan ús jouwe.
De folgjende gegevens kinne wy fan jo ûntfange of ferwurkje wannear’t jo kontakt mei ús opnimme:
a. Namme en adresgegevens
b. Kontaktgegevens
c. Bankrekkennûmer
Wy ha dy gegevens nedich foar it meitsjen fan in offerte, om kontakt mei jo op te nimmen en om te kontrolearjen oft wy jo betellingen ûntfongen ha.
Wy ha jo gegevens yn ús besit en beheare dy skriftlik of digitaal minimaal oant it stuit dat beide partijen oan alle wetlike ferplichtingen foldien ha.
Mocht it net ta in oerienkomst liede, dan hâlde wy jo gegevens mar yn ús besit oant de datum dat ús oanbod oan jo ferfalt of fan rjochtswegen einiget.
Nei it útfieren fan de opdracht hâlde wy jo gegevens allinne mei jo goedfinen yn ús besit, wannear’t dêr in oar oan te wizen doel foar is as de wetlike bepalingen dy’t fan krêft binne.
Jo stimme dêr yn alle gefallen mei yn op it stuit dat wy in oerienkomst foar meardere jierren oangeane, lykas by ûnderhâldskontrakten bygelyks it gefal is.
Wy diele jo gegevens allinne mei tredden dy’t dêr in wetlik foech foar ha of wannear’t jo dêr útdruklik skriftlik tastimming foar jûn ha.
Us webstee brûkt
gjin cookies.
Jo ha de mooglikheid om jo gegevens by ús op te freegjen, oanpasse te litten en jo kinne ús fersykje om jo gegevens folslein út ús systemen te wiskjen.
Jo fersyk sil sa gau mooglik ferwurke wurde, rekken hâldend mei wetlike beheiningen. Jo kinne dêrfoar op de folgjende wize kontakt mei ús opnimme:
Folsleine bedriuwsnamme: De Zwart Schildersbedrijf b.v.
Namme ferantwurdlike: O. de Zwart
Adresgegevens: Hearewei 2, 9104CT Damwâld
Kontaktgegevens: 0511-421580
Wy soargje foar in goede befeiliging fan de lokaasje dêr’t jo gegevens opslein wurde.
Wy behâlde ús it rjocht foar om de ynhâld fan dit privacybelied altyd oan te passen.
By fragen, ûndúdlikheden of opmerkingen kinne jo kontakt mei ús opnimme.
Ferzje: Oktober 2024